Ofrûne wike krigen treddejiers studinten Toerisme fan Firda Ljouwert in bysûndere gastles fan Tsjikke van der Veen en Tineke Witteveen fan Afûk. De froulju, beide ekspert op it mêd fan gastfrijheid en kulturele identiteit, kamen del om de studinten mei te nimmen yn de wrâld fan Gastfrij Frysk. De gastles wie ûnderdiel fan in projekt wêrby’t de studinten wurkje oan it opstellen fan in operasjoneel plan.
Yn de les fertelden Tsjikke en Tineke hoe wichtich it is om as toeristyske organisaasje de Fryske gastfrijheid en kultuer te omearmjen. Mei ynspirearjende foarbylden út de praktyk makken se dúdlik hoe’tst in gastfrijheidskonsept yntegrearje kinst yn dyn bedriuwsfiering. Dat helpt net allinnich by it ûnderskieden fan dyn organisaasje, mar it fersterket ek de bining mei de regio.
De studinten waarden útdage om nei te tinken oer hoe’t sy eleminten fan Gastfrij Frysk tapasse koenen yn harren eigen operasjonele plannen. Tineke en Tsjikke dielden weardefolle tips oer hoe’tst de klantbelibbing ferbetterje kinst en hoe’tst in autentyk Fryske sfear kreëare kinst. Der wie in soad ynteraksje, studinten koenen fragen stelle en harren eigen ideeën diele.
Dosint Roelf van Foeken: “De gastles joech de studinten net allinnich nije ynsichten, mar ek ynspiraasje om gastfrijheid op in kreative wize yn te setten yn harren takomstige plannen. Wy tankje Tsjikke en Tineke hertlik foar harren weardefolle bydrage oan it projekt en hoopje harren yn de takomst nochris te ferwolkomjen!”
Bedriuwen dy’t oansluten binne by it projekt binne: Veenstra Reizen, WEC, Infoframe.nl, Folkshegeskoalle Schylgeralân, Camping De Stjelp en WestCord WTC Hotel Leeuwarden.


