Wolkom yn Fryslân!

Twaddejiers studinten Travel & Hospitality fan Firda Ljouwert organisearje meikoarten in toer troch de provinsje Fryslân foar NT2 studinten fan Firda Snits dy’t wenje yn it AZC yn Balk.
Op tiisdei 25 febrewaris krigen de studinten in ynlieding en yntroduksje fan harren opdracht. Nije wike komme sy yn de kunde mei de NT2 studinten, om sa ynsjoch te krijen yn de ynteresses fan harren doelgroep, sadat sy yn april in pasjende toer organisearje kinne.

De opdracht wurdt organisearre en begelieden troch Gerben Jan Visser, Marieke Mostert, Roos van den Berg en Hetty Nienhuis fan Firda en Fokke Jagersma en Jolanda van der Werf fan Afûk.