Weromsjen op de ynspriaasjedei 2026

Foar it earst net op ien, mar op twa lokaasjes tagelyk. It programma fan de ynspiraasjedei wie ferdield oer sawol de lokaasje fan Aeres, Snits as ek dy fan Firda Snits. It organisearjen fan in mienskiplike ynspiraasjedei lit sjen dat de skoallen gearwurkje op it mêd fan it Frysk en meartaligens. De ynspiraasjedei is opsetten fan “wy binne mbû” en it praktoraat Frysk en Meartaligens út.

De dei begûn mei de ûnthulling fan de tentoanstelling ‘Yn wurd en byld’. Dit binne foto’s makke troch studinten fan Aeres, keuzedeel fotografie en bypassende gedichten skreaun troch studinten fan de oplieding Journalistiek, Firda Drachten. De tentoanstelling is foarmjûn troch Elise Swart, studint Mediavormgever Art & Design. Eelko Zandberg, dosint Frysk/Engels op lokatie Firda Sneek en Ytje Hoekstra, dichter en beglieder fan de studinten yn it skriuwproses hawwe de eksposysje iepene.

Nei de lunsj waard de middei iepene troch Renske Mud, studint Leisure & Hospitality. Michiel de Bruijn, direkteur mbû-kolleezje Firda Snits en Esther Brouwer, direkteur Aeres Snits fertelden oer it belang fan taal, sawol foar harsels, mar just ek foar de studinten fan de ferskate opliedingen. Foar de ien is it Frysk fanselssprekkend en altyd oanwêzich op skoallen en op staazje. Foar de oar is it just it oanpassen fan de taal oan de persoan dêr’t se mei yn petear binne, lykas it brûken fan de memmetaal fan de kliïnten yn de âldereinsoarch.

“Ek de leveransiers dy’t by ús op it melkfeebedriuw komme, sprekke wy gewoan yn it Frysk oan. Ek al komme se út it bûtenlân en dat giet altyd wol goed”.

Geesje Duursma, hoarekaûndernimmer fan de De Pleats Burgum, sette yn har keynote it belang fan taal as ûnderdiel fan gastfrijheid sintraal. Hoe’t je mei meartaligens oandacht hawwe foar de gasten. Se liet ek sjen dat meartaligens en Frysk ynsette yn it ûnderwiis soarget foar ferbining en it tarieden fan de studinten foar de meartalige arbeidsmerk dêr’t se yn te lâne komme.

Oanslútend folgen de dielnimmers twa workshopsrûndes dêr’t op ferskate wizen taal ynsetten waard. Fan lichemstaal en hâlding as basis foar kontakt, oant it kreatyf ynsetten fan taal om in bredere ynsjoch te krijen op taal, dysels en de wrâld om dy hinne.

Oan de ein de dei noch in momint om de opdiene ynspiraasje mei in oar te dielen en te ferbinen mei kollega’s om mei in oar fierder te wurkjen oan it Frysk en meartaligens yn it mbû.

De hiele dei is fêstlein troch studinten fan de opliedings Fotografie en Mediaredactiemedewerker fan Firda Drachten ûnder lieding fan Burney Kielman en florian cats