Wekker is in film ynspirearre op it ferhaal “In frou moat harsels rêde” fan Sipke de Schiffart. It is ûnderdiel fan in grutter mearjierrich projekt fan it praktoraat Frysk en Meartaligens yn it mbû.
It ferhaal
Dieuwke har dream feroaret yn in nachtmerry as se troch in blaffende hûn gjin each mear ticht docht en se twongen wurdt om de rêst te werstellen.
As de asosjale Gjaltema en syn blaffende Mechelske herder neist Dieuwke en Johan komme te wenjen, is it dien mei de rêst. De konstante lûdsoerlêst ferpest Dieuwke har sliep.
In petear mei Gjaltema einiget yn in deasbedriging. Wanhopich besiket Dieuwke sels yn te gripen, mar troch it slieptekoart wurdt har tinken trûbel en de sitewaasje hieltyd wanhopiger.
As Johan útfalt, stiet se der allinnich foar en set se alles op alles om de hûn it swijen op te lizzen.
Underwiis
Wekker is de earste film yn in rige fan trije en is spesjaal ûntwikkele foar it fak boargerskip. De film is in swarte komeedzje oer egoïsme, kommunikaasje en grinzen, en jout studinten oanlieding om nei te tinken oer morele keuzes en maatskiplike ferantwurdlikens.

Yn it ramt fan dit projekt bringt de Afûk twa koarte ferhalen út, spesjaal foar it mbû. De earste is “In frou moat harsels rêde” fan Sipke de Schiffart, de ynspiraasjeboarne foar Wekker. “As sliepende hûnen wekker” wurde fan Bart Kingma is it ferfolch op Wekker en fertelt oer Dieuwke en har ferburgen ferline dat nei fjirtich jier boppe komt nei in lytse misstap. Skriuwer Bart Kingma nimt de lêzer op fassinearjende wize mei yn de persoanlike wrakseling fan Dieuwke en de konfrontaasje mei har ferline.
Krekt dizze refleksje fan de haadrolspiler op itjinge wat earder barde soarget foar in weardefolle kâns om it yn de klassen te hawwen oer konflikten, oplossingen en dialooch. Op dit stuit wurdt der mei ferskate dosinten wurke oan bypassend lesmateriaal, sadat it projekt fan febrewaris ôf yn te setten is.
Foar de realisaasje fan Wekker wurken studinten ek mei oan de ûntwikkeling fan it ferhaal. Nei workshops mei sa’n 250 studinten en petearen mei dosinten en meiwurkers waard it ferhaal útwurke en de film opnommen.
En by de opnames waarden hast alle funksjes dield tusken professionals en studinten, sadat sy fan tichtby ûnderfine koene hoe’t in film ûntstiet — fan senario oant draaiddei.
‘Ik was geluidsassistent bij de productie‘, zegt stagiaire Dennis, ‘en heb daar een aantal taken gekregen waarvoor ik zelf verantwoordelijk was. Zo ben je er niet alleen voor je eigen ding, je wilt samen naar een goed product. Dat voelt goed.‘

De hiele produksje is in gearwurking fan Omrop Fryslân, Wy binne MBU, it praktoraat Frysk en Meartaligens, Firda, Aeres en Afûk.