Twa nije eksposysjes iepene by Firda


El lenguaje nos conecta con el mundo
én Yn byld en wurd.

Ferline wike iepenen Nynke Beintema en Lysbeth Jongbloed twa nije eksposysjes by Firda (Stadionplein), dit nei in bysûndere gearwurking tusken studinten fan Aeres en Firda.
De basis waard lein troch Ilse Kok, Johanna Peenstra en Lara Westhoff, studinten fan it kardiel fotografy. Har moaiste foto’s dielden sy mei Cynthia Apili, Erik Riemersma en Marit Lokhorst. As folleard sjoernalisten, sochten sy nei it ferhaal achter de bylden en skriuwen dêrnei bypassende poëtyske teksten. Wisse Kersten, studint mediavormgeving, makke dêr in prachtich gehiel fan.

Dizze eksposysje hat in moai sintraal plak yn it gebou, dêr ’t studinten, besikers en meiwurkers ôfprate en inoar moatsje. Krekt dêr foel ek it grut tal ferskillende (memme)talen fan de studinten op, wat ús dêrta brocht om meartaligens krekt hjir sichtber te meitsjen. Sa wolle we studinten útnûgje en útdage harren eigen taal te brûken en nijsgjirrich nei inoar te wêzen, want Taal ferbynt ús mei de wrâld.

De eksposysje is in oanrieder, neffens Marit Lokhorst. Ien fan de gedichten oan de muorre is fan har hân. En entûsjast seit se oer de opdracht it folgjende: ‘Als je je creativiteit wilt uiten en je vind schrijven leuk, dan zou ik het wel aanraden.’

Stipe wie der fan: Edith Zijlstra-Dijkstra, Nathan Sprey, Ytje Hoekstra, Janne van der Wal-Tjalsma, Willie Oosterbaan en Jolanda van der Werf.