Taalplan Frysk 2030

Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan de taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de provinsje Fryslân. Mei it projekt wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.

De Fryske taal is ûnskiedber fan de Friezen en ús identiteit. In taal om grutsk op te wêzen én yn te ynvestearjen. Mei-inoar wolle wy alle bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen. Dêrom wurkje wy mei it projekt Taalplan Frysk 2030 oan in struktureel plak foar it fak Frysk yn it ûnderwiis. Sa komme bern fan alle jierren yn oanrekking mei de Fryske taal, fan berne-opfang oant heger ûnderwiis. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Frysk, foar no en letter.