Afûk

By de Afûk giet alles oer taal. Al hast 100 jier sette wy ús mei hert en siel yn foar de Fryske taal en kultuer. De Afûk hat in winkel en in útjouwerij, organisearret kursussen Frysk en makket ûnderwiismetoaden. Dêrneist wurkje wy oan in hiel soad wikseljende projekten en kampanjes foar de promoasje en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Dat dogge wy faak mei oare organisaasjes yn Fryslân, mar ek op nasjonaal en ynternasjonaal nivo.