Bookzine 25 - Kleur jaan oan de soarch

Stiet dyn aginda ek fol mei grappige sketsen, rappe krabbels en lytse doodles? Dan bisto krekt sa’n kleurryk portret as Lïam Zwaagman (20) út Ysbrechtum. Jou him in pinne en papier en hy tekenet alles watsto mar wolst. Dat talint brûkt er ek yn syn wurk as wenûndersteuner by âldere minsken. Troch mei harren te tekenjen, ûntsteane de moaiste ferhalen. Hy docht alles op syn eigen wize. ‘Binnen de lijntjes kleuren past niet bij mij.’

Harkje nei it ferhaal: