Bookzine 22 - Sis ris tsiis!

Hoefolle foto’s hasto op dyn mobile tillefoan stean? In stik of hûndert? Of noch folle mear? Do kinst fêst net tippe oan Robin van der Land (22) út De Westereen. Hy sjit as natuerfotograaf alle dagen wol sa’n hûndert nije kykjes. Fûgels, ynsekten, de wolf: Robin krijt se allegear foar syn lins. 

Harkje nei it ferhaal: