Bookzine 19 – Nederlânsk? Dat kin ik net! (Frysk)

Hoefolle talen praatsto eins? Frysk, in bytsje Ingelsk en fansels Nederlânsk? Foar Fetsje Prins (26) út Ljouwert kinst dat wurdsje ‘fansels’ wol fuorthelje. Sy praat sûnder muoite Frysk en Ingelsk, mar Nederlânsk is foar har in frjemde taal. En dat wylst se neffens har paspoart gewoan in ‘kaaskop’ is. Hoe sit dat krekt?