De ôfrûne tiid folgen sa’n 60 mbû-meiwurkers fan Aeres en Firda in kursus Frysk praten, ferstean en skriuwen by Afûk. Hast allegear hawwe sy ek it sertifikaat helle! Lokwinske allegear!
‘De lessen binne my goed befallen. Gesellige dosint en kreative opdrachten!’
De dielnimmers wienen tige te sprekken oer de kursus. Net allinnich joegen sy in dikke 8 as beoardieling, ek jouwe sy oan it Frysk yn de takomst mear brûke te sillen, benammen yn de kommunikaasje mei studinten. In diel fan de kursisten hat boppedat oanjûn troch te wollen mei in ferfolchkursus.
‘Ik haw der in protte fan leard.’
Werk jij bij Firda of Aeres en zou jij ook graag een cursus Fries verstaan, spreken of schrijven willen volgen? Goed nieuws! Omdat deze pilot zo succesvol was, wordt er gewerkt aan een nieuwe cursusreeks in het najaar van 2025. Vanaf april kun je je hiervoor inschrijven. Wees er snel bij want VOL = VOL!
Binnenkort volgt meer informatie.
‘De dosinten hawwe in soad kennis en passy!’