Kennismeitsje mei de Fryske taal en kultuer? Wêr better as by Scherjon yn Noardburgum?

Ofrûne tiisdei brochten in groep entreestudinten fan Firda (NT2) mei praktor Lysbeth Jongbloed en Fokke Jagersma en Tsjikke van der veen van Wy binne binne mbû in besite. Mei-inoar wienen se oan it fierljeppen, oan it boerengolfen op echte ‘Scherjontsjes’ (klompen) en praten se benammen oer meartaligens yn Fryslân.



De boadskip fan de studinten: ‘@praatmarfrysk, vooral in groepen, want dat moeten wij ook leren’. Dat is dreech en útdaagjend, mar mei in bytsje help en begrip komme se in hiel ein. Ek it begroetsjen yn elkoars taal helpt om ferbining te meitsjen, ‘in 1-op-1 gesprekken kunnen we dan weer verder in een gemeenschappelijke taal, zoals het Nederlands’.

De kommende tiid sille we fan Wy binne mbû út yn gearwurking mei it praktoraat Frysk en meartaligens, dosinten én studinten fierder wurkje oan in goed programma foar Frysk en meartaligens yn Fryslân foar NT2-studinten. It leafst yn kombinaasje mei groepen studinten fan oare mbû-opliedings binnen Aeres MBO Leeuwarden en Firda.

Meiwurkje of meitinke? Jou dy op foar de workshop ‘Een belevingsgerichte samenwerking tussen Entree/NT2-studenten en andere mbo-studenten’ op de ynspiraasjedei fan 15 oktober