Tinus is grutsk op Fryslân en woe wol wat gever Frysk praten leare. Dêrom kiest hy foar it kardiel Frysk. Sels praat Tinus Gaasters en brûkt hy wurden as ‘skunnen’ en ‘skölle’ yn plak fan ‘skuon’ en ‘skoalle’. Gaasterlân is gewoan perfekt, neffens Tinus: ‘alles watst nedich hast om lekker libje te kinnen, dat hast hjir.’