Jisse - Social Work

Jisse – Social Work

Dit is Jisse! Hy is 20 jier en docht de stúdzje Social Work by Firda yn Ljouwert.
Jisse hat keazen foar it kardiel Frysk om’t er yn syn wurk as aktiviteitenbegelieder fernimt hoe wichtich oft it wêze kin om de Fryske taal te brûken. Kliïnten dy’t Frysk prate, kinne harren dan faaks better uterje. Foar Jisse fielt it ek fertroud om it Frysk te brûken om’t er dat thús mei syn âlden ek docht.