Dit is Dennis (19), studint Melkveehouderij by Aeres yn Ljouwert. Hy fynt it moai om tusken de bisten te wêzen en op syn oplieding leart hy alles wat mei it boerebedriuw te meitsjen hat.
Dennis hat keazen foar it kardiel ‘Frysk yn de beropskontekst’. Dit wie foar him in logyske kar, omdat er de Fryske taal al behearsket. It Frysk hat foar Dennis wearde om’t it dy oars makket as oare Nederlanners: ‘Do hast in eigen taal en do komst earne wei.’