Demi - Bloem en Styling

Demi – Bloem en Styling

Dit is Demi (20), studint Bloem en Styling by Aeres MBO Ljouwert. Demi hâldt fan har fak om’t se echt har passy deryn kwyt kin. Se hat it kardiel Frysk folge om’t se graach Frysk praten leare woe. Har memmetaal is Nederlânsk en dat fynt se jammer om’t se wol yn Fryslân opgroeid is. Foar har berop hat it ek in mearwearde, om’t in famylje wêr’t sy in blomstik foar makket faak wat iepener is as sy yn it Frysk mei harren prate kin.