Dit is Aaltsje, studint Marketing en Communicatie by Firda Ljouwert.
Foar har oplieding docht sy in opdracht foar Yung Frysk. Yung Frysk is it taalpromoasjeprojekt fan Afûk en Omrop Fryslân dat him rjochtet op it stimulearjen fan Frysk ûnder jongeren.
Aaltsje neamt harsels in grutske Fries. As sy Frysk praten heart, sels al is dat yn Amsterdam, dan fielt sy gelyk in konneksje mei dy persoan. “Krekt as kin je elkoar.”