In nij lês en boargerskipsprojekt foar it mbû

Yn it ramt fan de nije film Wekker binne der twa boekjes útbrocht.

In frou moat har sels rêde van Sipke de Schiffart, is de inspiratiebron voor Wekker, de nieuwe Friestalige film van Halbe-Piter Claus. ‘Wy wolle hiel graach de kreative yndustry bewust meitsje fan de mooglikheden om yn it Frysk te wurkjen. Studinten yn kreative beroppen hawwe safolle mooglikheden yn it Frysk. Der is in sterke Fryske literatuer. Dy ferhalen kinst brûke om yn in nije foarm te presintearjen.

Tagelyk biede de ferhalen in moaie basis foar stevige petearen yn it ramt fan it fak Boargerskip. ‘ Boekferfilmingen binne lang net altyd goed. No hat de regisseur foaral de psychologyske kant fan it ferhaal derút pikt: wat dochst ast sa gek wurdst fan in buorman? En dat is mei dizze film yn in hiel oare foarm ferteld as yn myn oarspronklike ferhaal. Ik fyn dat wol moai. No is it in soarte fan Gesamtkeunstwurk wurden “, seit De Schiffart.

As sliepende hûnen wekker wurde fan Bart Kingma is it ferfolch op Wekker en fertelt oer Dieuwke en har ferburgen ferline dat nei fjirtich jier boppe komt nei in lytse misstap. De leave en fertroude thúshelp Gerda komt fansels fuortendaliks om te helpen. Yn dit kwetsbere momint dielt Dieuwke har ferline en dat lucht op… Alteast, yn earste ynstânsje… Dieuwke ferwachtet begryp fan Gerda, mar krijt krekt krityske fragen oer har eigen rol hjiryn en dát soarget foar ûnmacht, frustraasje en agresje. Kin in slachtoffer ek dieder wêze? Skriuwer Bart Kingma nimt de lêzer op fassinearjende wize mei yn de persoanlike wrakseling fan Dieuwke en de konfrontaasje mei har ferline.

Krekt dizze refleksje fan de haadrolspiler op itjinge wat earder barde soarget foar in weardefolle kâns om it yn de klassen te hawwen oer konflikten, oplossingen en dialooch. Neist boargerskip is it projekt fansels ek bedoeld om studinten op oansprekkende wize wer mear oan it lêzen te krijen. De film en de ferhalen binne op ferskate wizen yn te sitten by de taal – en boargerskipslessen yn it mbo. Op dit stuit wurdt der mei ferskate dosinten fan Aeres en Firda wurke oan bypassend lesmateriaal, sadat it projekt fan febrewaris ôf yn te setten is.

Foar de opnamen fan Wekker, waard yntinsyf gearwurke mei studinten fan Firda en NHL Stenden Hogeschool. De film is in inisjatyf fan Wy binne MBU, yn gearwurking mei it Practoraat Frysk en Meartaligens, en produsearre troch Omrop Fryslân. 8 novimber giet de film yn premjêre yn it Noordelijk Film Festival. Hjir binne de ferhalen, útjûn troch de Afûk ek foar it earst te krijen.