Training Klasse Frysk

Wolsto ynspiraasje foar Frysk en meartaligens yn dyn lessen en de wurkstaazjes fan dyn studinten?
Bisto ek nijsgjirich hoe’tst mei Frysk ek wurkje kinst oan sosjale feilingens en boargerskip? Én fynsto it eins no ek wolris tiid datst wat better Frysk appen learst?
Jou dy dan op foar ‘Klasse Frysk yn it MBU’.

Yn fjouwer ynspirearjende wurkwinkels learsto hoe’tst it Frysk taalskerp oanbiedst en ferbynst mei persoansfoarming én de beropspraktyk. Klasse Frysk yn it MBU is praktysk opsetten mei wurkfoarmen en tema’s dy’tst daliks tapasse kinst yn dyn lespraktyk. Boppedat oefenest yn in betsjuttingsfolle setting alle Fryske taalfeardichheden. De fjouwer wurkwinkels binne foar MBU-ûnderwiismeiwurkers fan alle beropsopliedingen yn Fryslân. En goed om te witten, Aeres en Firda wolle it Frysk in moai plak jaan!

De rige bestiet út fjouwer wurkwinkels dy’t jûn wurde troch Jaap Cuperus fan Cedin en sille foaral oanslute op de lespraktyk en wurkstaazjes. Elke wurkwinkel wurdt jûn yn gearwurking mei in oare ynspirearjende gastdosint, lykas Anna Marije Bloem, Bert van der Lijn en Kim Bots. Alles út de kast om de kursist te ynspirearjen op it mêd fan Frysk en meartaligens en om de ferbining te lizzen mei ûnderwerpen dy’t heare by it fak boargerskip, sa as sichtbere en ûnsichtbere ferskillen, sosjale feiligens, of dielnimme oan in petear oer in maatskiplik fraachstik.

Wat komt oan bar yn de fjouwer wurkwinkels:

Taal fan it hert

Taal is sa fanselssprekkend, mar ast der ris by stil stiest, is it megabysûnder. Yn hokker taal dreamsto? Bisto  ilk? Praatsto tsjin de hûn of dyn buorman? Stek it fjoer oan mei taalbewustwurding en taalsosjology!

Lês dy ryk!

Lêze moatte, omdatst wat witte moast foar de belesting, in fersekering of om in toets te learen, dat is wat oars asto wat lêst omdatst it nijsgjirrich of miskien wol machtich moai fynst! Bygelyks, teksten fan de Hûnekop of it lêzen fan dyn sosjals. Wy hawwe it oer lêsmotivaasje en lêsbelibbing.

Wat is in echte (taal?) dosint?

Binne taaldosinten allinnich ferantwurdlik foar de goeie behearsking fan taal en taalfeardigens fan de studint of kinne wy der ek oars nei sjen? De trije doeldomeinen fan Biesta en it profesjoneel selsferstân van  elchtermans litte dy neitinke oer de fûnemintele fragen oer dyn berop.

Frysk yn de beropskontekst

Hoe wichtich is it Frysk yn de beropskontekst fan de MBU-studint? Ûndersiik wiist út dat yn sa’n bytsje de measte bedriuwen yn Fryslân it Frysk (hiel) faak brûkt wurdt en dat derneist fierwei de measte MBU studinten letter ek yn Fryslân wenjen bliuwe. Dêr moatte wy dochs wat mei, likegoed foar de Frysktalige studint as de net Frysktalige studint.

Eigen feardichheden Frysk:

Yn dizze fjouwer ynspirearjende wurkwinkels oefenst yn in betsjuttingsfolle setting ek nochris harkjen, praten, lêzen en/of skriuwen yn it Frysk. Nei ôfrin kinne wy mei dy sjen wat dyn nivo krekt is en wat dyn ambysjes krekt binne. Do kinst der foar kieze en it ôfslute mei in eksamen fan de Afûk en in offisjeel papierke, mar do kinst ek trochstreame nei in kursus Frysk of de learare-oplieding.