Op tongersdei 30 jannewaris waard by Firda yn Drachten de Domeindag Kinderopvang en Onderwijs organissearre. Fan Wy binne mbû út joegen Fokke Jagersma en Tsjikke van der Veen fan Afûk in workshop oer meartaligens.
Alle studinten K&O krije yn harren beropspraktyk te meitsjen mei mear talen dan allinnich it Nederlânsk. Boppedat binne der yn Fryslân mar leafst 260 meartalige berneopfanglokaasjes en moat yn it basisûnderwiis it Frysk ferplicht oan bod komme.
Hoe kinst dizze meartaligens en it Frysk in plak jaan yn de oplieding?
Yn de workshop hawwe de dosinten yn groepkes praat oer hoe’tst yn it earste jier fan de oplieding in oanbod meitsje kinst fan workshops. Troch te wurkjen mei in strippekaart en in oanbod fan workshops en gastlessen wêr’t de dosinten út kieze kinne, kinst de workshops goed oanslute litte op it skema van de lessen.
Der binne alderhande workshops betocht dy’t oanslute by ûntwikkelingsrjochte aktiviteiten. Bygelyks it sjongen mei lytse bern en dêrby ek ferskes yn in oare taal oan bod komme litte. Of in workshop yn de foarm fan in kultureel útstapke, lykas in museumbesite. Of hânpoppen meitsje foar in poppekast.
Oanslutend waard der yn groepkes praat oer hokker taal der brûkt wurdt op de ferskate mbû-lokaasjes en yn hokker situaasjes watfoar taal passend is. Mar ek hoe’tst meartaligens mear sjen litte kinst. Dêrby giet it dan net allinnich om it Frysk mar ek om oare talen, lykas Arabysk of Oekraynsk. Al gau kaam ek in trijetalich mbû op tafel. Of, om lytser te begjinnen, in trije- of meartalige oplieding Kinderopvang en Onderwijs. Mear talen sichtberder meitsje soe yn elts gefal goed oanslute by de werklikheid fan de studinten.

Studinten K&O fan Firda Drachten oan it wurk op de temadei Meartaligens fan 19 novimber 2024.
Foto: Jolanda van der Werf